Ritsma twadde op de 5 kilometer

© Omrop Fryslân
Bob de Jong wûn sneon de 5 kilometer op de NK Allround yn 6.44,62. Rintje Ritsma waard twadde yn 6.48,22, Gianni Romme waard tredde. It klassemint foar it NK wurdt oanfierd troch Mark Tuitert, de winner fan 'e 500 meter. Ritsma stiet twadde.
Neffens Ritsma is hy seker net kânsleas foar it kampioenskip, omdat hy in bettere stayer is as Tuitert. "Op de 10 kilometer moat ik in punt op Tuitert pakke kinne."