Súkses Dekker yn Lúksemburch
Swimster Inge Dekker fan It Hearrenfean hat sneon by de Euromeet 2006 yn Lúksemburch de 50 meter flinterslach en de 200 meter frije slach wûn.
Op de flinterslach tikke Inge oan yn in tiid fan 26,80. Sy wie dêrmei in tel rapper as de nûmer twa, de Dútse Annika Melhorn. Op de 200 meter frije slach kaam Dekker oan yn in tiid fan 2.00.27.