Cramer wint ek 3.000 meter

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer hat sneon by de NK allround yn Utert har foarsprong yn it algemien klassemint grutter makke. Wieteke wist nei de 500 meter ek de 3.000 meter te winnen. Se die dat yn 4.23,57. Helen van Goozen waard twadde, Moniek Kleinsman tredde. De kampioene fan ferline jier moat op de 1500 meter 2,5 tel goedmeitsje op Cramer.
Cramer makket dan ek in goeie kâns om kampioene te wurden en har te pleatsen foar it WK reedriden.