Ferlies foar Flyers

29 jan 2006 - 11:59

De iishockyers fan de Vadeko Flyers giene sneontejûn yn de thúswedstriid tsjin Tilburch mei 2-5 ûnderút. De perioadestannen wiene 0-2, 0-2 en 2-1. Bynammen yn de earste en de twadde perioade spilen de Flyers net goed. De tredde perioade wie better, mar dochs hat de oerwinning fan Tilburch nea yn gefaar west. De Flyers steane no op it tredde plak yn de kompetysje. De earste fjouwer ploegen pleatse harren foar de play-offs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)