Skuor yn tsjerkeklok Earnewâld

29 jan 2006 - 11:13

De tsjerkeklok yn Earnewâld kin yn alle gefallen inkelde moannen net let wurde. Der sit in skuor yn. Foar reparaasje moat de klok nei Dútslân. Dat kostet nei alle gedachten in soad jild. De tsjerke ûnderhannelet noch mei de gemeente oer hoe't de reparaasje betelle wurde moat.

De skuor sit al yn de klok sûnt de Dútsers yn de Twadde Wrâldoarloch de klok stellen hiene, mar dêrnei is de skuor allinnich mar grutter wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)