Snein koartebaan Ulesprong

© Omrop Fryslân
As it waar it talit is der sneintemiddei om 13.00 oere in koartebaanriderij op 'e Ulesprong. Earder dizze wike koe de riderij net trochgean fanwege teiwaar. Leafhawwers kinne har oant sneintemoarn 11.00 oere opjaan op tillefoannûmer 0513-571719.
Der is noch plak, want sneontemoarn hie de organisaasje noch mar ien rider op 'e list. IIsklub Lyts Begjin fan 'e Ulesprong is yn 'e regel ien fan 'e earsten dy't in wedstriid útskriuwt.