Fean keapet Deen oan

© Omrop Fryslân
Sportclub Heerenveen hat de Deenske jeugdynternational Jacob Poulsen kontraktearre. Poulsen spilet no noch foar Esbjerg FB yn syn heitelân. De Deen(22) is in middenfjilder, mar hy kin ek as rjochtsback út 'e fuotten.
As Poulsen troch de medyske keuring komt, tekenet er in kontrakt foar 3,5 jier by Heerenveen. Poulsen is dit seizoen net mear ynsetber yn wedstriden foar de UEFA-Cup, omdat er dêryn al mei syn âlde klub spile hat.