CDA tsjin ferfallen yntercity

28 jan 2006 - 10:06

It CDA Ljouwert hat by minister Peijs protestearre tsjin it ferfallen fan de yntercity-ferbining fan Ljouwert. It CDA fynt it ûnbegryplik dat Ljouwert krekt no't it ekonomysk yn de lift sit syn yntercity-ferbining kwytrekket. Goed iepenbier ferfier is fan grut belang foar in positive ûntwikkeling.

Neffens it CDA moat Den Haag ynsjen dat ek Ljouwert, lykas Assen en Grins in haadstêdfunksje hat en dus in goede ferbining mei de rânestêd hawwe moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)