Plysjes moatte Frysk ferstean

28 jan 2006 - 09:45

Plysjes yn Fryslân moatte it Frysk op syn minst goed ferstean kinne. Dat is de útspraak fan de klachtekommisje fan de plysje Fryslân oer in klacht fan Gjalt Jelsma út Boksum.

Jelsma woe foarich jier tillefoanysk melde dat syn fyts stellen wie, mar de plysjeman dy't it Frysk net ferstie, goaide de hoarn derop. De kommisje fynt dat soks net kin. Korpsbehearder Dales soe better belied meitsje moatte oer it Frysk by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)