Grutte kontrôle yn Harns

© Omrop Fryslân
Yn de haven fan Harns wie freed in grutte kontrôle-aksje. Ferskate organisaasjes as douane, marechaussee, plysje, arbeidsynspeksje en belesting- tsjinst binne op syk nei oertredings.
It giet dan ûnder oare om de smokkel fan drugs, miljeu-oertredings en belêstingûntdûkking. Neist minsken wurke ek hûnen en boaten ynset, dy't alle ynkommend ferkear kontrolearje. Fanwege de kontrôle wie de haven fan Harns ôfset.