Amateurfuotbal yn wykein ôfsein
De KNVB hat alle beker- en kompetysjewedstriden yn it Noarden foar it kommend wykein ôfsein.
It fuotbalbûn ferwachtet dat de fuotbalfjilden oer it generaal te min wêze sille om op te spyljen. Ek wurdt der minder goed waar ferwachte.