Swarte seehûn op Flylân

© Omrop Fryslân
Op Flylân is in pikswarte seehûn oan- spield. De lêste kear dat soks barde is 15 jier lyn. It bist is oerbrocht nei seehûnekresj Pieterburen, dêr't se de seehûn de namme Swarte Lola jûn ha.
Gewoanwei ha seehûnen yn de Waadsee in grize kleur. De swarte kleur komt troch saneamd 'melanisme' it tsjinoerstelde fan albinisme. De hûd hat dan ekstra folle swart pigmint. De seehûn is ek unyk om't it giet om in wyfke, yn 1991 waarden twa swarte mantsjes oantroffen.