Plysje pakt te hurd riden oan

27 jan 2006 - 16:51

De plysje Fryslân set ekstra minsken yn tsjin it te hurd riden yn wenwiken yn Noard-East Fryslân. Dat bart yn it ramt fan in proefprojekt dêr't de plysje, 3VO en de ANWB oan meiwurkje.

Yn de 30-km-gebieten wurdt faak te hurd riden, meastal troch de wykbewenners sels. It tal ûngelokken falt ta, mar bewenners fiele har wol ûnfeilich. It projekt wurdt yn Noard-East Fryslân hâlden omdat dat de regio is dêr't de measte ferkearsûngefallen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)