Opknapbeurt sintrum Drachten

© Omrop Fryslân
As de rie akkoart giet wurdt it sintrum fan Drachten de kommende jierren foar hast 90 miljoen opknapt. It Raadhuis- plein wurdt dan opnij ynrjochte en ûnder it plein komt in parkeargaraazje mei hast 700 plakken. It tal winkels yn it gebiet wurdt oardel kear sa grut. In diel fan de besteande winkels wurdt dan ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou.
Smellingerlân moat goed 20 miljoen oan de opknapbeurt betelje, de rest fan de sinten komt fan in projektûntwikkelder.