Wjerstân tsjin hierwenten S'fean

27 jan 2006 - 14:53

De bou fan 42 hierwenten yn Surhusterfean-Súd ropt wjerstân op by bewenners fan de oangrinzende wenwyk. Dy hawwe al 15 beswierskriften tsjin it plan yntsjinne, omdat der gjin aparte ûntslútingsdyk is. Dat betsjut dat it bouferkear troch de wenwyk moat om by de te bouwen hierhúzen te kommen.

De nije hierhúzen moatte in ein meitsje oan de slimste weningneed yn Achtkarspelen. De gemeente sil oant 2010 hûndert ekstra hierwenten bouwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)