Gemeente reagearret net op rap

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân wol net ynhâldlik reageare op de krityk fan de rappers Beand Baas en Smarige Skep op it bestjoer fan de gemeente. Yn de rap 'Wacht op foarútgong' wurdt krityk útere op it kultuerbelied. De rap giet deroer dat de muzykskoalle, poppoadium Iduna en de Lawei graach fierder wolle ûnder ien dak. De plannen komme lykwols net fan de grûn. De gemeente seit de jonges har súkses fan herte te gunnen.