Talsma Dokkum mei ferhúzje

© Omrop Fryslân
Elektroanikasaak Talsma mei ferhuzje fan de binnestêd fan Dokkum nei it yndustryterrein Zuiderschans. Dat hat de gemeenterie yn Dongeradiel tongersdei besletten. Talsma wol út de binnestêd omdat der gjin groeimooglikheden mear binne, boppedat is der te min parkearromte.
Omdat yn it bestimmingsplan fan Zuiderschans net dúdlik stie dat de elektroanikasaak him der fêstigje mei, moast de gemeenterie dat beslisse.