Ynset tsjerken foar minima

© Omrop Fryslân
Alderlingen fan tsjerken moatte net allinnich it wurd fan God ferkundigje. Se kinne likegoed at se dochs by minsken op húsbesite binne, fertelle oer de gemeentelike regelingen dy't der binne foar de minima. Dat sei wethâlder Ekhardt tongersdei by de wurkgroep Arme Kant Friesland yn Ljouwert.
Ekhart fynt dat tsjerken en gemeenten elkoar helpe moatte om de earmoede te bestriden. Hy sil mei de tsjerken om tafel om in plan te meitsjen.