Personiel Talant yn aksje

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan soarchynstelling Talant sille moandei aksjefiere by it haadkantoar op it Hearrenfean. De meiwurkers protestearje dêrmei tsjin de hege wurkdruk en de wurkroasters. Ek wolle se mear fertsjinje.
It oerlis mei de fakbûnen oer in nije CAO is fêstrûn. Op in gearkomste yn Haren is tongersdei besletten dat der fan maart ôf hurdere aksjes komme. Mooglik slúte guon festigings fan Talant dan in hiele dei.