Arriva wol taksys kwyt

© Omrop Fryslân
Ferfiersmaatskippij Arriva wol ôf fan har taksybedriuw. Arriva praat op it stuit mei trije Fryske taksybedriuwen oer de ferkeap fan auto's en persoaniel.
It bedriuw wol har mear rjochtsje op it bus- en treinferfier. Ek koste it taksybedriuw mear jild as dat it opsmiet. It persoaniel is fan'e moarn ynljochte. Oft der ek twongen ûntslaggen falle sille is noch net bekend.