Frij troch stikkene kachel

27 jan 2006 - 06:38

180 learlingen fan de Boargemaster Thalenskoalle yn Akkrum hiene tongersdeimoarn ûnferwachts frij troch in stikkene kachel. It skoalgebou wie dêrtroch iiskâld. De bern fan groep trije oant'e mei acht mochten wer nei hûs ta omt se fanwege de kjeld gjin lessen folgje koene.

De learkrêften diene yntusken wat oare putsjes. It euvel oan de kachels waard gau oplost. Middeis koene de bern wer waarm oan it wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)