Aksje foar Sintrale As

27 jan 2006 - 06:38

De Fryske Keamer fan Keaphannel en in tal ûndernimmersferienings út Noardeast Fryslân sette freed útein mei in lobby-aksje foar de oanlis fan de sintrale As. Goed 4000 ûndernimmers krije in sticker tastjoerd dy't op bedriuwsauto's plakt wurde moat.

De Keamer en de ûndernimmersferienings wolle dat de nije ûntslútingsdyk tusken Dokkum en Garyp in fjouwerbaansdyk wurdt dêr't 100 kilometer yn de oere riden wurde mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)