Sânwinning yn Iselmar

© Omrop Fryslân
It bedriuw Smalt út it súden fan it lân hat plannen om sân te winnen yn de Iselmar by De Lemmer. Reden dêrfoar is dat sânwinning yn de grutte rivieren net mear mooglik is fanwege strangere feiligens-easken.
By De Lemmer soe it gean om in lokaasje fjouwer kilometer út de kust. De gemeente Lemsterlân is net sa bliid mei de plannen en hat in list mei beswieren stjoerd oan Ryskwettersteat.