Hertoanfal troch mishanneling

© Omrop Fryslân
De 63-jierrige Ton van Lieshout út Damwâld is ferstoarn oan in hertoanfal. Dat hat it iepenbier ministearje bekend makke. De man ferstoar septimber ferline jier, nei't er yn syn wente swier mishannele waard.
Neffens it Forensisch Instituut yn Rijswijk is de hertoanfal in gefolch fan de mishanneling. De fertochte út Broeksterwâlde wurdt no swiere mishanneling mei de dea ta gefolch ferwiten.