Topskakers nei Heite-toernoai

© Omrop Fryslân
De ynternasjonale grutmasters Jan Timman en Loek van Wely dogge mei oan it Heite-skaaktoernoai. De wedstryd wurdt yn novimber hâlden yn Wolvegea. Der komme ek bûtenlânske toppers nei Wolvegea: de Dútser Robert Hübner en de Tsjech Vlastimil Horst. Se spylje mei noch twa oaren in ynvitaasje-toernoai.
It Heite-toernoai is neamd nei de âld-boargemaster fan Weststellingwerf, dy't sels ek graach skake mei. It wie in kado by syn ôfskied.