Pieter Terpstra (86) ferstoarn

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter skriuwer en sjoernalist Pieter Terpstra is woansdei ferstoarn. Mei-elkoar skreau Terpstra sa'n 125 boeken yn it Frysk en it Nederlânsk.
It measte súkses hie Terpstra mei syn Frysktalige boeken en toanielstikken. Dy gienen ûnder oare oer histoaryske figueren as Eise Eisenga, Gysbert Japicx en Piter Jelles Troelstra. Ek makke hy de Havank-rige ôf. Pieter Terpstra is 86 jier wurden.