Peijs: ûnrêst net terjochte

26 jan 2006 - 16:03

De ûnrest yn it Noarden oer it op de lange baan skowen fan de oanlis fan it Súderseespoar mist eltse grûn. Dat sei minister Peijs fan ferkear woansdei op in byienkomst yn Amersfoort. Dêr prate Peijs mei minsken út de provinsjes dêr't it spoar troch komt oer nut en needsaak fan in snelle ferbining nei it Noarden.

Minister Zalm soarge foar ûnrest troch te sizzen dat de needsaak fan in spoar earst ûndersocht wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)