Klok fiskôfslach stellen

26 jan 2006 - 14:32

De brûnzen klok fan de âlde fiskôfslach oan de haven yn Makkum is stellen. De dieven hawwe dat sels mei in brief dúdlik makke by de gemeente. Mooglik is de klok al in pear wiken fuort.

De klok soe ynkoarten in nij plak krije by de slûs yn Makkum. Dy wurdt op't heden restaureard. Troch it brief tinkt de gemeente foarearst oan in ludike aksje, mar der is wol oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)