Fertochte bekent mear sedesaken

© Omrop Fryslân
De 25-jierrige fertochte yn de saak Aldwâld hat ek twa oare sedesaken bekend. De Westergeaster hat tajûn dat hy ferline jier oktober in 11-jierrich famke yn Kollum oanrand hat. Ek hat de man yn maaie 2004 yn Deventer in famke fan 5 jier seksueel misbrûkt. Dat is dúdlik wurden út in dna-test. De saak yn Bûtenpost wurdt noch ûndersocht.
Yn alle trije saken waarden de slachtoffers mei in mes bedrige, sa makke justysje woansdei bekend.