Dochs brûkersromte yn deiopfang

© Omrop Fryslân
De Stichting Maatschappelijke Opvang De Terp wol drugsgebrûk tastean yn de deiopfang foar drugsferslaafden oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert. SMO skriuwt yn in brief oan de gemeentlike kommisje dat se dêrmei in proef fan in heal jier dogge, oft de polityk no tastimming jout of net. It komt del op in kombi fan brûkersromte en deiopfang.
De komst fan in brûkersromte stiet al lang ter diskusje. Woansdeitejûn sil de kommisje wolwêzen dêroer te set.