Oanridings op glêde diken

© Omrop Fryslân
De Wâldwei by Nijegea hat woansdeite- moarn in pear oeren ticht west foar it ferkear. De dyk waard ôfsletten nei't der in tal ûngelokken barden troch de glêdens. It autoferkear waard ferrast troch de opferzen dyk. Dat kaam troch in kombinaasje fan rein en froast.
Yn de hiele provinsje wiene der mear as 30 oanridings, de measte mei allinnich blikskea. Ek hawwe de sikehûzen it drok mei minsken dy't kniezings of brutsen bonken hawwe om't se útgliden binne.