Dyk by Hommerts wurdt feiliger

© Omrop Fryslân
Nei 6 jier praten is der grien ljocht foar de plannen om de dyk troch De Hommerts en Jutryp folle feiliger te meitsjen. It giet om in tige drokke dyk. Yn de perioade tusken 1999 en 2003 hawwe der 24 ûngelokken west yn de Hommerts. Yn guon gefallen rekken der ek minsken ferwûne.
De provinsje hat no besletten dat der 1,4 miljoen euro beskikber steld wurdt foar de dyk. De dyk wurdt ûnder oaren smeller makke.