Felle brân yn wenbuorkerij

25 jan 2006 - 12:02

Yn Broeksterwâld hat in felle útslaande brân in wenbuorkerij oan de Meekmastrjitte yn de jiske lein. Dat gebeurde yn de nacht fan tiisdei op woansdei. De brânwachtkorpsen fan Damwâld en De Westerein binne útrukt om de brân te blussen. Ek de ljedderwein fan it korps fan Dokkum moast der oan te pas komme.

De pleats koe lykwols net behâlden wurde. It is noch net dúdlik of de wenbuorkerij bewenne waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)