Bistepartij no ek yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De Partij voor de Dieren hat sûnt dizze wike ek in ôfdieling yn Fryslân. It belangrykste doel fan de ôfdieling is om de Partij voor de Dieren hjir bekend te meitsjen, mei it each op de Twadde Keamerferkiezings takom jier.
De wurkgroep sil opkomme foar de belangen fan bisten, as dat oan de oarder komt yn de provinsjale of gemeentlike polityk. De partij hat der it ôfrûne jier 600 leden bijkrigen, in groei fan 33 persint.