Plysje Skier werom nei âlde buro

25 jan 2006 - 10:52

De plysje op Skiermûntseach ferhuzet ein febrewaris werom nei it âlde buro oan de Middenstreek. De plysje sit no tydlik yn it âlde Griene Krús-gebou. Dêr binne lykwols net genôch sellen. Boppedat moat der hier betelle wurde.

Om't de prosedures rinne tsjin de nijbou is net wis wannear't dy nijbou klear is. De boufergunning is skorst om't in tal doarpsbewenners fynt dat it âlde plysjeburo net sloopt wurde mei. De nijbou soe ek net by it doarp passe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)