Fergunnings Harns no hiel maklik

25 jan 2006 - 10:44

Wa't tenei in fergunning oanfreegje wol yn Harns krijt it stikken makliker, want de gemeente is begûn mei de proef 'omjouwingsfergunning'. Dat hâldt yn dat de Harners fan no ôf yn ien klap in stikmannich fergunnings oanfreegje kinne en net mear sels by ferskate loketten en ynstânsjes delhoege.

Harns is ien fan 'e tweintich gemeenten yn it lân dy't eksperimentearret mei foarmen fan bettere tsjinstferliening oan de boarger.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)