Aksje FNV foar gelikens lean

24 jan 2006 - 17:27

FNV-Bondgenoten fiert tiisdei aksje yn Noard-Nederlân foar gelikense leanen foar alle EU-ynwenners. De lêste jierren komme in soad East-Europeanen de Nederlânske arbeidsmerk op, foaral yn it frachtferfier en de lân- en túnbousektor. Sy krije minder lean as de Nederlânske kollega's en nimme it wurk oer.

De FNV dielt by benzinestasjons struibriefkes en bumperstickers út mei opskrift 'Gelijk werk, gelijk loon'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)