Toer Ingelum wurdt restaurearre

24 jan 2006 - 17:09

De tsjerketoer fan Ingelum wurdt opknapt. De foegen yn de bûtenmuorre moatte derút en der moat der nije spesy yn. By in eardere restauraasje is der ferkearde spesy brûkt en de toer stekt dêrom nochal wat ôf by de folle moaier restaurearre tsjerke.

De gemeente Menameradiel hat in monumintefergunning ôfjûn. De tsjerkelike gemeente kin de restauraasje net sels betelje. It jild komt ûnder oare út fûnsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)