Sven Kramer net nei NK

24 jan 2006 - 16:03

Sven Kramer docht dit wykein net mei oan de Nederlânske kampioenskippen allround. Coach Gerard Kemkers fan de TVM-ploech lit net ien fan syn reedriders starte op it NK yn Utrecht. Neffens Kemkers past dat net yn de tarieding op de Winterspelen.

Kemkers hat noch wol oanbean om in pear riders as in soarte fan trening starte te litten op guon ôfstannen. De KNSB hat dêr gjin reaksje op jûn. Mooglik start Jochem Uytdehaage wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)