Strikwerda foarsitter Doarpswurk

© Omrop Fryslân
Ytsen Strikwerda wurdt fan 1 febrewaris ôf direkteur fan it nije plattelânsynstitút Doarpswurk. Dat kin pas nei 13 febrewaris offisjeel fan start as de leden fan de Feriening Lytse Doarpen ree binne om yn de nije organisaasje op te gean. De Stichting Doarpshuzen yn Fryslân is de oare dielnimmer oan Doarpswurk.
Strikwerda wurket no al as koördinator en konsulint by de Feriening Lytse Doarpen.