Bûtenboardmotor rôversguod

24 jan 2006 - 14:23

It is dreech om oan twaddehâns bûtenboardmotoaren te kommen. Dat hat te krijen mei it grutte tal stellerijen fan dat soart motoaren.

Noch foardat minsken harren âlde motor ynruilje wolle, is er al fuort. Dat seit Piet Post fan Technische Watersportservice De Schiffart yn Grou. Hy hat de yndruk dat der hieltiden mear bûtenboardmotoaren stellen wurde. De dieven binne benammen sljocht op motoaren fan 2 oant 15 pk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)