Ofspraken oer ôfsluten fan gas

© Omrop Fryslân
Fryske gemeenten wolle tenei foarkomme dat minsken ôfsletten wurde fan gas, wetter en elektrisiteit. Dêroer is oerienstemming berikt mei de enerzjy-bedriuwen. De efterstannen kinne no in hiel ein oprinne foardat minsken konfrontearre wurde mei it ôfsluten fan de tafier.
De gemeenten fine dat minne betellers earder warskôge wurde moatte om soks foar te kommen. It betsjut lykwols dat de tafier earder ôfsletten wurdt.