Koartebaanriden yn Haulerwyk

24 jan 2006 - 10:09

De earste reedrydwedstriid op natoeriis is tiisdei yn Haulerwyk. De riderij is op it parkearplak njonken de iis- en skeelerbaan. IIsklub Nooitgedagt hat dy baan ein novimber al ûnder wetter set en dêr leit no trije sentimeter iis op.

It riden begjint om ien oere en is foar manlju. De wedstriid is de earste dit seizoen. Der binne yntusken ek al wedstriden útskreaun foar woansdei yn Steggerda, foar froulju, en yn Ulesprong, foar manlju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)