'Bonnema-legaat moat iepenbier'

24 jan 2006 - 09:36

De ynhâld fan it legaat fan arsjitekt Abe Bonnema moat iepenbier makke wurde. Dat skriuwt de steatefraksje fan de FNP oan Deputearre Steaten. Oant no ta wie der net mear beskikber as in brief fan de Abe Bonnemastifting oer it legaat.

It legaat is ien fan de oanliedingen foar it ferpleatsen fan it Fries Museum nei it Saailân yn Ljouwert. Om dêr in goed beslút oer nimme te kinnen, moat alle ynformaasje beskikber wêze, dus ek de ynhâld fan it legaat, seit de FNP.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)