Krânslizzing by monumint Dokkum

24 jan 2006 - 09:31

Skoalbern fan it Dockingakolleezje ha moandei in krâns lein by in monumint oan de Wâldwei yn Dokkum. It is moandei 61 jier lyn dat op dat plak tweintich fersetsminsken deasketten waarden troch de Dútsers. It Dockingakolleezje hat in tal jierren lyn it monumint adopteard. Sûnt doe lizze de bern alle jierren in krâns. Sa hopet de skoalle dat se de oarloch net ferjitte, ek as de minsken dy't de oarloch meimakke ha net mear libje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)