Make-over foar Hafkamp

© Omrop Fryslân
Trije studinten fan it Friesland College ha wethâlder Hafkamp fan Ljouwert moandei in oar uterlik jûn. Tegearre mei har sjauffeur joech se har oer oan de moadestudinten, dy't de twa oare klean oanlutsen en yn de make-up setten.
De make-over wie eins bedoeld foar boargemaster Dales. Dy syn opmerkings oer ûnfatsoenlik en min klaaide jeugd, foel min by de moadestudinten. Dales hie lykwols gjin tiid.