Ferlies en lykspul yn haadklasse

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits ferlear sneintemiddei de earste wedstriid nei de winterstop. Yn Apeldoorn gongen de Snitsers mei 4-1 ûnderút tsjin WSV. It doelpunt foar de Snitsers waard makke troch Luitzen Brink. Snits stiet no op in fjirde plak yn de haadklasse C mei 27 punten út 14 wedstriden.
De Jouwer kaam op it eigen fjild net fjirder as in lykspul. Tsjin Babberich waard it sneintemiddei 1-1. De Jouwer stiet no op in tsiende plak.