Friese Poort komt mei sinneboat

© Omrop Fryslân
It team fan regionaal opliedingssintrum De_Friese_Poort presintearret freed it ûntwerp fan de boat dy´t meidwaan sil oan de earste Frisian_Solar_Challenge. De race foar sinneboaten wurdt ein juny holden en folget de Alvestêderûte.
Foar de race ha har yntusken 27 dielnimmers oanmeld. Sy komme ûnder mear út de Verenigde_Staten, Pakistan, Jordanië, Poalen en Nederlân. De boat fan de_Friese_Poort wurdt nei alle gedachten in ´trimaran´.