Ludike aksje fytsende skoalbern

23 jan 2006 - 09:49

Skoalbern út de lêste groepen fan de basisskoallen út Wergea en Warten sille no woansdei ûnder plysje-eskorte op de fyts nei Grou. De fytstocht, mei sirenes en swaailjochten, is in aksje fan de wurkgroep Fytspaad Leechlân.

De groep strydt al jierren foar in fytspaad yn it Leechlân fan Warten nei Grou. No is der allinnich in te smelle trochgeande dyk, dêr't alle ferkear oerhinne moat. Dy dyk is te gefaarlik foar fytsers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)