SC Hearrenfean teloarstellend

22 jan 2006 - 16:58

De Sportklub Heerrenfean kaam sneontejûn yn de wedstriid tsjin Sparta net fierder as in ferfelende 0-0. De 20.600 taskôgers yn it Abe Lenstra Stadion seagen wol dat de thúsploech it measte balbesit hie en ek genôch kânsen krige, mar de doelpunten woene net falle.

Yn it lêst wiene de bêste kânsen noch foar Sparta. Nei ôfrin fluite it Hearrenfean-publyk de eigen ploech út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)